‘it skilderjen wol my de kop net ut’.
Jierrenlang hat er wurke oan ‘syn projekt’. It ôfbouwen fan syn dreampleats op ’e Feanhoop. Doe’t it wurk klear wie, kaam der stadichoan mear romte foar ien fan syn grutte passys: it skilderjen. Jelle Schotanus (1956) hat yntusken syn pleats ferkocht. Syn earste eksposysje wie fan 8 maart oant en mei 19 april 2008 te sjen yn it Tripgemaal yn Gersleat.
‘Dy pleats op ’e Feanhoop, dêr ha ik in jier of acht ynsitten, we ha der úteinlik tweintich jier wenne. Ik wurkje al sûnt 35 jier yn ploegetsjinst by Philips yn Drachten en as ik dan middeis om in oere of twa thúskaam, hie myn frou Ria it semint al klear stean en gie ik troch oant in oere of alve jûns. Ik bin in drok mantsje, ha in soart enerzjy en it noait swier fûn, der altyd mei in soad nocht oan wurke. Ik seach it as myn projekt, in útdaging dy’t ik oangean moast. Lykas in bern mei lego oan it bouwen is, sa wie ik dwaande mei dat hûs. As it lego-bouwurkje klear is, dan boartsje bern der noch efkes mei en dat is it dan. Mei de pleats wie it krektlyk. Der wie fansels wol ûnderhâld nedich, mar it fêste ritme wie fuort. It skilderjen die ik yn dy tiid net folle oan. As ik der al mei dwaande wie, fielde ik my hast skuldich want der wie altyd wol in kezyn dat ferfongen wurde moast. Sels oan krantsjen kaam ik net ta. Ria en ik ha der trije jier oer neitocht, mar de pleats is no ferkocht. We wennen dêr geweldich, midden tusken de petgatten, mar yn de winter tocht ik faak: wat doch ik hjir? Winterdeis bin ik net te genietsjen , ik ha lêst fan ‘winterdippen’. Sa gau as ik de earste ljip hear, is dat oer. Ik woe ek tiid meitsje foar oare dingen, lykas it skilderjen. Dat moast ik dwaan, oars gie ik stikken. No wenje we tydlik yn in hierhûs op De Wylgen. Foar my fielt it frjemd genôch as in paradyske. Ik ha hjir gjin atelier mear, lykas op de Feanhoop, mar wol in ezel en ik skilderje by it oanrjocht. Ria rint de hiele dei mei doeken efter my oan, alles sit ûnder de ferve. En noch in foardiel, ik kin no op de fiets nei kafee Marktsicht.
As bern koe ik al goed tekenje, ik helle njoggens en tsienen. Fierder ha ik skoalle altyd in ferskrikking fûn. Ik wie oeraktyf, adhd soene se no sizze, wie altyd bûten. Myn bertehûs stie yn Lúnbert, in lyts spultsje foar de bûterfabryk oer. Heit hie wat pinken, bargen en sa’n hûndert kninen. Doe’t ik in jier of tsien wie, ferhûzen we nei in rychjeshûs yn Drachten. Op skoalle waard ik in soad pleage. Ik wie it boerejonkje op klompkes mei twa pear sokken oan en lange ûnderbroeken dy’t ús beppe foar my breide. By it bokje- springen kaam dy ûnder de sportbroek út. Dêrneist wie ik dyslektysk. As ik lêze moast, waard ik útlake.Yn myn belibjen krige ik ek altyd in beurt. ‘Jelle ziet de vogeltjes vliegen’ en soartgelikense teksten stienen altyd op myn rapporten. Op in bepaald stuit moast ik dochs mar nei de LTS. Timmerman wurde wie it doel, je moasten dochs wat. Doe ’t ik in jier of fyftjin wie, woe ik fan skoalle ôf. Ik hie skjin myn nocht fan de hiele rotbende. Myn heit seach ek dat it gjin doel hie my der te hâlden en sei, asto wurk fynst, hoechst net werom. Sa bin ik by Philips telâne kaam. Nettsjinsteande it feit dat ik in soad pesten waard, haw ik noait in kuddedier west. Ik wie ien fan de earsten dy’t op gympen rûn dy’t mei allerhanne teksten folskreaun wiene, ik ha noch altyd kleurde broeken oan en lang hier. Dat hie ik al doe’t ik noch jong wie, allinnich noch folle ekstremer.
De natoer is de reade tried yn myn libben. As jonkje wie ik altyd al bûten. Doe’t ik mei Ria ferkearing krige, wie ik 20 jier. Myn skoanheit wie ek gauris yn it fjild te finen. Aaisykje, in strikje sette, mollefange. We gongen der wol om fjouwer oere ôf en strúnden dan troch Bakkefean en Duerswâld. Mei myn frou en bern bin ik hiel Fryslân troch kanood. Ik ha oait in grutte Kanadeeske kajak kocht yn Aldehaske. We ferklaaiden ús dan as Yndianen. As de guozzen yn ’e rui wiene, makke ik toaien fan de fearren. We ha ris mei de kano fan de Feanhoop nei Bakkefean fearn. Dat liket in skyteintsje, mar we ha der minstens tweintich oeren oer dien. Ferline jier soe ik de kayak ferkeapje, mar it gie my ek oan it hert. No komt er by myn freon Steven oan de Heafeart te lizzen en kinne we te aaisykjen mei dat ding. It fjild yngean, in strikje sette, dêr hâld ik fan. Meastentiids gean ik mei Steven, we binne hielendal op elkoar ôfjage.
Ik lês alle boeken oer de Papoea’s, bin idolaat fan de Salomon-eilannen. Ik ha wol gutsen pakt en besike papoeabylden te meitsjen. Acht jier ferlyn ha Ria en ik in wrâldreis makke. Trije moanne ha we reizge, fan Ingelân nei Yndonesië, Australië, de Solomoneilannen, werom nei Australië, Hawai, Kanada, Ingelân en Amsterdam. It wie in prachtige tiid. We ha in wike op in privee-eilân fan fjouwer hektare sitten. It wie fan Brandon, in Australiër en die hie fjouwer man personiel. Ria en ik woene graach fan Guadacanl nei in oar eilân. De minsken waarden der yn grutte kano’s hinne brocht. We sieten der mei noch tsien oaren te wachtsjen oant nachts ien oere ta, wylst de boaten om fjouwer oere middeis al oer gean soene. Dat rint dêr allegear wat oars as by ús. We binne werom gien en de oare moarns rekken we oan de praat mei in Australiër en we fertelden ús ferhaal. Hy fûn it hiel sneu en hy noadige ús út op syn eilân. Wy yn in kano mei twa grouwe motoaren. It stoarme, de golven wiene wol twa meter heech, de boat stuitere deroer. Yn myn deiboek ha ik skreaun: ‘It wie as siest op in steigerjend hynder. Flak foar’t we it eilân berikten, seinde Brandon mei in spegeltsje en doe’t we oankamen stie in frou mei twa ûnbidige longdrinks klear. We krigen in eigen hutte en ha der in dei of seis sitten.
It hûs dat ik boud ha, ha ik hiel goed ferkocht. Ik ha altyd by mysels tocht, myn tiid komt noch wol. Dy gedachte hat my altiid oerein hâlden. No komt der ek noch in eksposysje fan myn skilderijen. Foar myn gefoel stap ik yn in hiel nije wrâld. It skilderjen wol my de kop net út. Ik kom dermei fan ’t bêd ôf en gean dermei op bêd. Ik wit net wat my oerkomt. It ferrast my dat it sa heftich is. Technysk tekenje koe ik altyd wol, mar hjir lis ik myn gefoel yn. By tafal krige Thom Mercuur de skilderijen ûnder eagen. Ik soe iel helje by Evert de Graaf. Dy hie alris sein dat hy my wol skilderles jaan woe. Ria sei, nim mar in pear skilderijkes mei. Evert fûn dat ik dy oan Thom sjen litte moast. Der hie ik sels nea by stilstien. Thom wie entûsjast en woe in eksposysje meitsje yn it gemaal. Dat is in grutte stimulâns fansels. It is sa’n machtich moaie hobby. Der binne dagen, dan wol it foar gjin meter, mar it komt ek foar dan meitsje ik trije, dan fljocht it derút. Ik brûs hielendal. Ik wurd nachts wekker en gean dan los. In topskilder bin ik net, mar ik wurd dochs better. As ik sjoch wat ik twa jier ferlyn die en wat ik no meitsje; der sit progresje yn. De technyk fyn ik sels út. Sa bring ik de ûnderlaach oan mei in hurd plastik fegerke. Dêr kin ik ek fan dy moaie úthalen mei meitsje. Ik wurkje ek mei sân en turf, ik probearje fan alles út. Ik ha sels noait nei in keunstakademy wold, mar ik sil der net fan ôfdwaan, hear.
Fan ’e wike wie ik om fiif oere moarns al yn De Deelen. Om in oere of acht helle ik in bakje kofje by Steven en middeis gong ik nei Museum Belvédère yn Oranjewâld. Dêrtroch wie ik sa opkitele, dat ik twa hiele moaie skilderijen makke ha. It is krekt seks, jo moatte nocht meitsje en dan giet it los. Ik ha in talint krigen dêr’t ik gjin weet fan hie. Myn lêste skilderij fyn ik altyd it moaiste. Skilderjen is de belicheming fan it persoanlike. As ik losgean dan bonkt myn hert deroer. Der binne in protte skilderijen fan de Feanhoop. Krekt of mis ik dat. We binne fan doel om ús oare jier yn De Sweach nei wenjen te setten, mar ik bin der wis fan dat ik gjin bosken skilderje sil. Sa wurket it net. Soms tink ik wolris by mysels: kin ik it noch wol? Dan meitsje ik twa wiken lang hielendal neat. Ik moat gjin druk fiele, dat is net goed foar my. Dan hoopje ik dat ik it noch kin. As ik dan wer wat moais meitsje, fiel ik my hiel gelokkich. Ik bin bliid dat we besluten ha De Feanhoop te ferkeapjen. It klinkt egoïstysk, mar wat ik wol, dat doch ik.
Dit ynterview is yn 2008 hâlden. Jelle wennet no yntusken op ’e Sweach.
Bron: De Moanne 2008
‘it skilderjen wol my de kop net ut’.
Jierrenlang hat er wurke oan ‘syn projekt’. It ôfbouwen fan syn dreampleats op ’e Feanhoop. Doe’t it wurk klear wie, kaam der stadichoan mear romte foar ien fan syn grutte passys: it skilderjen. Jelle Schotanus (1956) hat yntusken syn pleats ferkocht. Syn earste eksposysje wie fan 8 maart oant en mei 19 april 2008 te sjen yn it Tripgemaal yn Gersleat.
‘Dy pleats op ’e Feanhoop, dêr ha ik in jier of acht ynsitten, we ha der úteinlik tweintich jier wenne. Ik wurkje al sûnt 35 jier yn ploegetsjinst by Philips yn Drachten en as ik dan middeis om in oere of twa thúskaam, hie myn frou Ria it semint al klear stean en gie ik troch oant in oere of alve jûns. Ik bin in drok mantsje, ha in soart enerzjy en it noait swier fûn, der altyd mei in soad nocht oan wurke. Ik seach it as myn projekt, in útdaging dy’t ik oangean moast. Lykas in bern mei lego oan it bouwen is, sa wie ik dwaande mei dat hûs. As it lego-bouwurkje klear is, dan boartsje bern der noch efkes mei en dat is it dan. Mei de pleats wie it krektlyk. Der wie fansels wol ûnderhâld nedich, mar it fêste ritme wie fuort. It skilderjen die ik yn dy tiid net folle oan. As ik der al mei dwaande wie, fielde ik my hast skuldich want der wie altyd wol in kezyn dat ferfongen wurde moast. Sels oan krantsjen kaam ik net ta. We wennen dêr geweldich, midden tusken de petgatten, mar yn de winter tocht ik faak: wat doch ik hjir? Winterdeis bin ik net te genietsjen , ik ha lêst fan ‘winterdippen’. Sa gau as ik de earste ljip hear, is dat oer. Ik woe ek tiid meitsje foar oare dingen, lykas it skilderjen. Dat moast ik dwaan, oars gie ik stikken. No wenje ik yn Beetstersweach. Foar my fielt it frjemd genôch as in paradyske.
As bern koe ik al goed tekenje, ik helle njoggens en tsienen. Fierder ha ik skoalle altyd in ferskrikking fûn. Ik wie oeraktyf, adhd soene se no sizze, wie altyd bûten. Myn bertehûs stie yn Lúnbert, in lyts spultsje foar de bûterfabryk oer. Heit hie wat pinken, bargen en sa’n hûndert kninen. Doe’t ik in jier of tsien wie, ferhûzen we nei in rychjeshûs yn Drachten. Op skoalle waard ik in soad pleage. Ik wie it boerejonkje op klompkes mei twa pear sokken oan en lange ûnderbroeken dy’t ús beppe foar my breide. By it bokje- springen kaam dy ûnder de sportbroek út. Dêrneist wie ik dyslektysk. As ik lêze moast, waard ik útlake.Yn myn belibjen krige ik ek altyd in beurt. ‘Jelle ziet de vogeltjes vliegen’ en soartgelikense teksten stienen altyd op myn rapporten. Op in bepaald stuit moast ik dochs mar nei de LTS. Timmerman wurde wie it doel, je moasten dochs wat. Doe ’t ik in jier of fyftjin wie, woe ik fan skoalle ôf. Ik hie skjin myn nocht fan de hiele rotbende. Myn heit seach ek dat it gjin doel hie my der te hâlden en sei, asto wurk fynst, hoechst net werom. Sa bin ik by Philips telâne kaam. Nettsjinsteande it feit dat ik in soad pesten waard, haw ik noait in kuddedier west. Ik wie ien fan de earsten dy’t op gympen rûn dy’t mei allerhanne teksten folskreaun wiene, ik ha noch altyd kleurde broeken oan en lang hier. Dat hie ik al doe’t ik noch jong wie, allinnich noch folle ekstremer.
De natoer is de reade tried yn myn libben. As jonkje wie ik altyd al bûten. Doe’t ik mei Ria ferkearing krige, wie ik 20 jier. Myn skoanheit wie ek gauris yn it fjild te finen. Aaisykje, in strikje sette, mollefange. We gongen der wol om fjouwer oere ôf en strúnden dan troch Bakkefean en Duerswâld. Mei myn frou en bern bin ik hiel Fryslân troch kanood. Ik ha oait in grutte Kanadeeske kajak kocht yn Aldehaske. We ferklaaiden ús dan as Yndianen. As de guozzen yn ’e rui wiene, makke ik toaien fan de fearren. We ha ris mei de kano fan de Feanhoop nei Bakkefean fearn. Dat liket in skyteintsje, mar we ha der minstens tweintich oeren oer dien. Ferline jier soe ik de kayak ferkeapje, mar it gie my ek oan it hert. No komt er by myn freon Steven oan de Heafeart te lizzen en kinne we te aaisykjen mei dat ding. It fjild yngean, in strikje sette, dêr hâld ik fan. Meastentiids gean ik mei Steven, we binne hielendal op elkoar ôfjage.
Ik lês alle boeken oer de Papoea’s, bin idolaat fan de Salomon-eilannen. Ik ha wol gutsen pakt en besike papoeabylden te meitsjen. Acht jier ferlyn ha Ria en ik in wrâldreis makke. Trije moanne ha we reizge, fan Ingelân nei Yndonesië, Australië, de Solomoneilannen, werom nei Australië, Hawai, Kanada, Ingelân en Amsterdam. It wie in prachtige tiid. We ha in wike op in privee-eilân fan fjouwer hektare sitten. It wie fan Brandon, in Australiër en die hie fjouwer man personiel. Ria en ik woene graach fan Guadacanl nei in oar eilân. De minsken waarden der yn grutte kano’s hinne brocht. We sieten der mei noch tsien oaren te wachtsjen oant nachts ien oere ta, wylst de boaten om fjouwer oere middeis al oer gean soene. Dat rint dêr allegear wat oars as by ús. We binne werom gien en de oare moarns rekken we oan de praat mei in Australiër en we fertelden ús ferhaal. Hy fûn it hiel sneu en hy noadige ús út op syn eilân. Wy yn in kano mei twa grouwe motoaren. It stoarme, de golven wiene wol twa meter heech, de boat stuitere deroer. Yn myn deiboek ha ik skreaun: ‘It wie as siest op in steigerjend hynder. Flak foar’t we it eilân berikten, seinde Brandon mei in spegeltsje en doe’t we oankamen stie in frou mei twa ûnbidige longdrinks klear. We krigen in eigen hutte en ha der in dei of seis sitten.
It hûs dat ik boud ha, ha ik hiel goed ferkocht. Ik ha altyd by mysels tocht, myn tiid komt noch wol. Dy gedachte hat my altiid oerein hâlden. No komt der ek noch in eksposysje fan myn skilderijen. Foar myn gefoel stap ik yn in hiel nije wrâld. It skilderjen wol my de kop net út. Ik kom dermei fan ’t bêd ôf en gean dermei op bêd. Ik wit net wat my oerkomt. It ferrast my dat it sa heftich is. Technysk tekenje koe ik altyd wol, mar hjir lis ik myn gefoel yn. By tafal krige Thom Mercuur de skilderijen ûnder eagen. Ik soe iel helje by Evert de Graaf. Dy hie alris sein dat hy my wol skilderles jaan woe. Ria sei, nim mar in pear skilderijkes mei. Evert fûn dat ik dy oan Thom sjen litte moast. Der hie ik sels nea by stilstien. Thom wie entûsjast en woe in eksposysje meitsje yn it gemaal. Dat is in grutte stimulâns fansels. It is sa’n machtich moaie hobby. Der binne dagen, dan wol it foar gjin meter, mar it komt ek foar dan meitsje ik trije, dan fljocht it derút. Ik brûs hielendal. Ik wurd nachts wekker en gean dan los. In topskilder bin ik net, mar ik wurd dochs better. As ik sjoch wat ik twa jier ferlyn die en wat ik no meitsje; der sit progresje yn. De technyk fyn ik sels út. Sa bring ik de ûnderlaach oan mei in hurd plastik fegerke. Dêr kin ik ek fan dy moaie úthalen mei meitsje. Ik wurkje ek mei sân en turf, ik probearje fan alles út. Ik ha sels noait nei in keunstakademy wold, mar ik sil der net fan ôfdwaan, hear.
Fan ’e wike wie ik om fiif oere moarns al yn De Deelen. Om in oere of acht helle ik in bakje kofje by Steven en middeis gong ik nei Museum Belvédère yn Oranjewâld. Dêrtroch wie ik sa opkitele, dat ik twa hiele moaie skilderijen makke ha. It is krekt seks, jo moatte nocht meitsje en dan giet it los. Ik ha in talint krigen dêr’t ik gjin weet fan hie. Myn lêste skilderij fyn ik altyd it moaiste. Skilderjen is de belicheming fan it persoanlike. As ik losgean dan bonkt myn hert deroer. Der binne in protte skilderijen fan de Feanhoop. Krekt of mis ik dat. We binne fan doel om ús oare jier yn De Sweach nei wenjen te setten, mar ik bin der wis fan dat ik gjin bosken skilderje sil. Sa wurket it net. Soms tink ik wolris by mysels: kin ik it noch wol? Dan meitsje ik twa wiken lang hielendal neat. Ik moat gjin druk fiele, dat is net goed foar my. Dan hoopje ik dat ik it noch kin. As ik dan wer wat moais meitsje, fiel ik my hiel gelokkich. Ik bin bliid dat we besluten ha De Feanhoop te ferkeapjen. It klinkt egoïstysk, mar wat ik wol, dat doch ik.
Dit ynterview is yn 2008 hâlden. Jelle wennet no op ’e Sweach.
Bron: De Moanne 2008